Wat tekenje ik? fan 16 desimber 2014 13:02

    Drokte yn it ferkear 1

    Twa sirkels wurde in fyts. Der sit in jonkje op. Hy sjocht hiel ferbaasd achterom. It stopljocht stiet op read. In frou sjocht ferskrikt. In hûn is hiel hurd oan it skaten, hy hellet it jonkje hast yn. Dan giet it stopljocht op grien.

    Wat tekenje ik?

    Yn it berneprogramma by Omrop Fryslân telefyzje: Wat tekenje ik? reagearje bern op in tekening dy’t geandewei ûntstiet.
    (advertinsje)