Unike histoaryske lûdsfragminten oer de Sterke Yerke III

Fjouwer freonen begjinne yn 1979 oan in grut aventoer: se meitsje in seereis op in selsboud flot: de Sterke Yerke 3. Nei de Sterke Yerke 1 dêr't se mei op it Fryske wetter fearn hiene, en de Sterke Yerke 2 dêr't se mei nei Ingelân fearn wiene, kaam it echte wurk: de Sterke Yerke 3. Op 1 augustus 1979 wurde se útswaaid út Harns wei; It doel is Kurasao. Dêr soene se yn jannewaris oankomme moatte. Krekt foar dat eindoel giet it mis: yn de nacht fan 14 op 15 desimber slacht it flot op de rotsen by Bonêre. De fjouwer bemanningsleden oerlibje it en jierren letter wurdt it flot wer boppe wetter helle. It is dus hjoed eksakt 40 jier lyn dat de Sterke Yerke oan syn ein kaam.

Ald Ljouwerter Meindert van der Meulen naam in pear wike lyn kontakt mei ús op. Hy hie op de Sterke Yerke 2 meifearn en wie goed befreone mei de fjouwer jongens dy't no de oerstek nei Kurasao meitsje soene. Hy frege him ôf oft wy fan it Buro ek belangstelling hiene foar audiomateriaal dat hy hie fan dy reis fan de Sterke Yerke 3. No, dêr hoegden wy as redaksje net sa lang oer nei te tinken: fansels! Meindert van der Meulen docht syn ferhaal.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)