Tsjek fan 2013-09-17T14:30:00

Tsjek is back! en trapet ôf mei Johannes Rypma
In muzikaal begjin fan skoaltelevyzjeprogramma Tsjek op 17 septimber

De earste ôflevering fan Tsjek begjint mei muzyk. Presintator Raynaud Ritsma, sels sjonger fan de band Vangrail, sjongt tegearre mei Johannes Rypma, finalist fan the Voice of Holland, it nije skoalseizoen yn. Tsjek is in programma foar de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen mei dêryn ynteressante nijtsjes út Fryslân, edukative reportaazjes, in filmke fan in skoalaktiviteit en rubrykjes.

Raynaud giet mei Johannes yn petear oer wat der mei him bard is nei The Voice of Holland en wat foar ynfloed it beheljen fan it twadde plak hân hat op syn libben. Ek de takomstdreamen en ambysjes fan Johannes wurde troch Raynaud tsjekt.

Fierder yn Tsjek in reportaazje oer de hûs-, tún- en keukenmich en it nut fan dizze bisten. Tsjek giet mei in ûngediertebestrider nei in boer om hjir útlis oer te jaan. Yn de nije rubryk Tsjek it! ûndersiket presintatrise Alyt Damstra hoe’t miggen oer de muorre rinne kinne en yn in skoalreportaazje is te sjen hoe't de bern út Jorwert harren mei in eigen iepenloftteaterstik tariede op de takomst. It fêste rubrykje Natuerlik komt ek werom. Janet de Wit, dierkundige yn Aqua Zoo, nimt de sjoggers mei yn it hok fan de reade noasbear.

De earste ôflevering fan Tsjek stiet op tiisdei 17 septimber om 12:00 online op www.tsjek.nl. Tsjek wurdt útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje op tiisdei en tongersdei om 13:30, 14:30, 15:30 en 16:30 oere.

Diel dit berjocht op:

Tsjek

Alle wiken bringt Raynaud Ritsma de boppeboubern fan de basisskoallen yn Fryslân op 'e hichte fan it Fryske nijs, tegearre mei Lennie Bronsveld. Edukatyf, mar ek mei leuke rubrykjes. Op telefyzje woansdeis en freed om 10.30 oere en alle sneinen fan 17.30 oere ôf. Sjoch ek op www.skoal.tv
    Radio iconUtstjoering: Alle woansdeis en freeds om 10.30, 11.30 en 12.30 oere.
(advertinsje)