Tomketiid fan 6 juny 2015 17:35

Kornelia sjocht dat it gers meand wurde moat.
Se pakt de meanmasine út it hok en sil him starte.
Mar dat wol net.
Hy docht it net.
Dan sjogge Tomke en Romke in trekker yn it lân en betinke in goed plan.

Pier en Marike komme by pake.
Se ha in ûle sjoen!
Dan fertelt pake werom de ûle noch hieltyd lilk is op de mûzen.
Wisto dat wol?

It lietsje giet dit kear oer 'Boartsje'.

Share this page on:

Tomketiid

Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
(advertinsje)