Tomketiid fan 6 desimber 2014 07:00

Tomke hat in nije glydsbaan krigen.
Yana is der ek en se ha de measte wille.
Romke fynt der neat oan!
Mar dan sjocht er wat út 'e grûn kommen.

Yn Fratsen fertelt Pake wer in sterk ferhaal.
Dit kear giet it oer in glêzen each.
Soe it allegear wol wier wêze wat er fertelt?

It lietsje giet oer 'Ofwaskje'.

Share this page on:

Tomketiid

Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
(advertinsje)