Tomketiid fan 30 maart 2013

Yn dizze ôflevering fan Tomketiid geane Tomke en Romke mei Kornelia nei de boekebus.
Dizze stiet stil mar Romke wol graach in eintsje mei dy bus ride.

Pier en Marike moatte fan mem aaien út it hinnehok helje.
Dan betinke se, dat se ek wol oan it aaigoaien meidwaan kinne.

It lietsje giet dizze kear oer 'boartsje'.

Tomketiid

Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
(advertinsje)