Tomketiid fan 26 jannewaris 2013

Tomke giet op skoalreiske mar fynt dat minder moai as er tocht hie.
Hy wol wer nei hûs.

Pier fertelt oan Marike it geheim fan syn jas.
Dan moatte se oer in hiele brede sleat.
Soe de jas no ek helpe?

It lietsje giet hjoed oer 'it strykizer'

Tomketiid

Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
(advertinsje)