Tomketiid fan 18 maaie 2013

Kornelia hat Tomke en Romke meinommen nei de bernebuorkerij.
Se jouwe de bisten in stikje bôle.
As se by de ponnys komme, freget ien oft se der efkes opsitte wolle.
Soe dat meie?

Yn Fratsen meitsje Pier en Marike harren eigen dieretún.
Se ha in parkyt, hinnen en Bijke fansels.
Se hawwe it smoardrok, mar soenen der wol wat minsken komme?

It lietsje giet hjoed oer 'De wip'.

Diel dit berjocht op:

Tomketiid

Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
    Radio iconUtstjoering: Sneontemoarns en sneintemoarns om 7.20 en 8.20 oere en sneintemiddeis om 16.30 oere.
(advertinsje)