Tomketiid fan 14 novimber 2015 17:35

Tomke sit yn 'e bus.
Se ha hjoed skoalreiske.
By de bernebuorkerij meie se de geiten iten jaan, mar dan giet it mis!

Yn it programma 'Wat tekenje ik" kinne jim mei-riede wat der tekene wurdt!
It giet dit kear oer: drokte yn it ferkear.

It lietsje hjoed hjit 'Alle bisten prate".

Tomketiid

Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
(advertinsje)