Tomketiid fan 1 april 2017 17:40

    Kornelia, Tomke en Romke sille mei de bus.
    Nee, net in koekjebus mar in echte autobus.
    Se sille efkes nei de stêd.
    Mar ien kear yn de bus sjogge se in knopke.
    Sille se der op drukke?

    Pake freget of de bern ek op fakânsje sille.
    Marike sil te kamperen en Pier sil nei Italië.
    Dan fertelt Pake it ferhaal oer de kikkerts dy't ek wolris op reis woenen.
    Dat wurdt wer spannend!

    It lietsje giet hjoed oer 'Lêze'.

    Tomketiid

    Neist it koarte berneprogramma alle jûnen is der wykeins de langere, tydskrifteftige edysje fan Tomke, yn Tomketiid. Mei ferskes, rymkes en ferhaaltsjes
    (advertinsje)