In tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium

Jan Fennema fan Feanwâlden waard berne mei in ôfwiking oan de lever. Doe't er fiif jier wie stie er op de wachtlist foar in donorlever om't er sûnder transplantaasje gjin kâns hie te oerlibjen. En doe't se tochten dat er hast oan bar wie, slûch it needlot ta. Wylst mem him efter op de fyts nei skoalle brocht, waarden se oanriden troch in auto. Lytse Jan bedarre op de Intensive Care fan it UMCG yn Grins en heit en mem stiene sels foar it drege beslút om de stekker der al of net út te lûken. Mei in soad Godsbetrouwen waard keazen om it dochs noch in skoftsje oan te sjen. Op wûnderbaarlike wize kamen lichemsfunksjes werom en krige Jan lang om let ek noch in donorlever. No, 20 jier letter, wint Jan Fennema prizen as hurdfyster, helle hy goud op de EuropeanTransplant Games en docht hy letter dit jier sels mei oan de Word Transplant Games.

Overlever

Dochs set Jan him net allinnich yn foar syn eigen sportive doelen. Hy freget as ambassadeur ek mear omtinken foar de needsaak fan orgaandonaasje en it wurk dat se op dat mêd by it UMCG dogge. In eigen stifting ûnder de treffende namme "Overlever" moat dêr foar soargje. Foar sneon 20 april stiet in bysûnder evenemint fan de stifting op de aginda: in fytstoertocht ûnder de namme "Overlevertocht" oer 20, 46 of 90 kilometer, mei Damwâld as start- en finishplak.

De Buro de Vries podcast "in tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium".

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)