Thúshaven Bartlehiem fan 7 desimber 2017 18:45

    Mei it frachtskip 'Eestroom' meitsje filmregisseur Froukje en har heit, skipper Jan van Wengerden, in reis troch Fryslân. Sjoch nei diel 3 fan de Finster-searje Thúshaven Bartlehiem: 'It Sâlt'. Se farre troch de slûs nei bûten, it sâlte wetter fan de Waadsee op. Se moetsje minsken dy't oeral, of nergens, thús binne.

    Thúshaven Bartlehiem

    In road-movie oer it wetter mei as fraach: wat makket in thús ta in thús? Wêrom lûkt de iene it leafst fan plak nei plak en wol de oare syn libben lang op itselde plakje wenjen bliuwe?
    (advertinsje)