Thúshaven Bartlehiem fan 25 jannewaris 2018 18:45

Miskien is it mei it plak dêr'tsto weikomst itselde as mei famylje: do kiest se net. Do kinst se haatsje of fan harren hâlde. Dochs bliuwt it altyd it plak dêr'tsto weikomst. De reis fan Froukje en Jan van Wengerden mei it skip 'Eestroom' sit der op. Troch Ljouwert farre se werom nei Bartlehiem. Neist de petearen mei leuke, nijsgjirrige en ûntroerende minsken hat de reis foar Froukje ek noch wat oars oplevere. Se nimt it beslút om wer yn Bartlehiem te wenjen.

Thúshaven Bartlehiem

In road-movie oer it wetter mei as fraach: wat makket in thús ta in thús? Wêrom lûkt de iene it leafst fan plak nei plak en wol de oare syn libben lang op itselde plakje wenjen bliuwe?
(advertinsje)