Thúshaven Bartlehiem fan 23 novimber 2017 18:45


    Filmregisseur Froukje van Wengerden is berne yn Bartlehiem, mar se wol fuort, sa gau as se kin. Op har achttjinde giet se nei Amsterdam. Yn de simmer fan 2017 makket se mei it frachtskip 'Eestroom', en har heit oan it roer, in reis troch Fryslân. Se freget har ôf, wat 'thús' eins is. De minsken dy't se ûnderweis tsjinkomt, jouwe betsjutting oan dy fraach. Wannear fielst dy ergens thús, en wêrom? Hjoed: de bern fan Bartlehiem.

    Thúshaven Bartlehiem

    In road-movie oer it wetter mei as fraach: wat makket in thús ta in thús? Wêrom lûkt de iene it leafst fan plak nei plak en wol de oare syn libben lang op itselde plakje wenjen bliuwe?
    (advertinsje)