Thúshaven Bartlehiem fan 14 desimber 2017 18:45

Wêrom woe Froukje van Wengerden sa graach fuort út Fryslân? Omdat der neat te dwaan wie. En al hielendal net yn Bartlehiem. Yn de Finster-searje Thúshaven Bartlehiem, in reis oer it Fryske wetter, besiket Froukje har wei te finen. Se stelt ûnderweis de fraach: Wannear en wêrtroch fielst dy ergens thús? Yn dizze ôflevering farre Froukje en Jan by de Fryske kust fan de Iselmar lâns.

Thúshaven Bartlehiem

In road-movie oer it wetter mei as fraach: wat makket in thús ta in thús? Wêrom lûkt de iene it leafst fan plak nei plak en wol de oare syn libben lang op itselde plakje wenjen bliuwe?
(advertinsje)