Thúsakademy fan 9 desimber 2020 20:25

Turen in het donker

"Stjerren yn 'e winternacht" 

Kolleezje fan: Adrie Warmenhoven

Yn de winterperioade kinst optimaal genietsje fan de stjerrehimel. It wurdt earder tsjuster, de nachten binne faak ek helder en der steane opfallende stjerren en stjerrebylden oan 'e himel, lykas Orion, Bolle en Twilling. Wêrom sjogge wy yn 'e winter oare stjerren as yn 'e simmer? En wêrom feroaret de stjerrehimel ek yn de rin fan 'e nacht?

Op dy en oare fragen jout Adrie Warmenhoven, direkteur fan it Eise Eisinga Planetarium, antwurd. Dêrby wurdt de stjerrehimel fan desimber moai yn byld brocht en wurde de wichtichste stjerren en stjerrebylden toand.

De jûn wurdt ôfsletten mei in tapaslik ûnderwerp foar dizze tiid fan it jier, de Stjer fan Bethlehem. Yn de bibel lêze wy oer in heldere stjer, dy't de Trije Wizen út it Easten de wei nei Bethlehem wiisde. Wat hawwe de wizen sjoen? Wie it in echte stjer of stie der wat oars oan de skitterjende himel?

Turen in het donker

"Sterren in de Winternacht"

College van: Adrie Warmenhoven

In de winterperiode kun je optimaal genieten van de sterrenhemel. Het wordt vroeg donker, de nachten zijn vaak helder en er staan opvallende sterren en sterrenbeelden aan de hemel, zoals Orion, Stier en Tweelingen.

Waarom zien we in de winter andere sterren dan in de zomer? En waarom verandert de sterrenhemel ook in de loop van de nacht?

Op deze en andere vragen geeft Adrie Warmenhoven, directeur van het Eise Eisinga Planetarium, antwoord. Daarbij wordt de sterrenhemel van december fraai in beeld gebracht en worden de belangrijkste sterren en sterrenbeelden getoond.

De avond wordt afgesloten met een toepasselijk onderwerp voor deze tijd van het jaar, de Ster van Bethlehem. In de bijbel lezen we over een heldere ster, die de Drie Wijzen uit het Oosten de weg naar Bethlehem wees. Wat hebben de wijzen gezien? Was het een echte ster of stond er iets anders te schitteren aan de hemel?

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy
(Advertinsje)