Thúsakademy fan 8 desimber 2021 20:30

Arjen Dijkstra oer Eise Eisinga

Yn de útstjoering fan woansdei 8 desimber fertelt wittenskipshistoarikus Arjen Dijkstra oer syn ûndersyk nei Eise Eisinga.

De man dy't yn alle stilte en beskiedenheid in bjusterbaarlik planetarium boude, omdat hy as iennichste net leaude yn de apokalyptyske preken fan in dûmny dy't sûnder ferstân fan saken de ein fan de wrâld foarsei. Dochs?

Arjen Dijkstra fernuvere him deroer dat dit bekende ferhaal nea yngrevener ûndersocht is. Hy dûkte deryn, pluze argiven troch, socht korrespondinsje en bewiisstikken út de 18e iuw. Dat smyt in hiel soad nije ynformaasje op, dy't de myte fan de iensume strider út Frjentsjer flink foarby giet.

Fragen stelle 
De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Academie van Franeker. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele nei ôfrûn fan it kolleezje troch programmamakker Bart Kingma oan de sprekker steld.

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy.
(Advertinsje)