Thúsakademy fan 23 desimber 2020 20:25

Feesten yn it tsjuster

Winterfeesten troch de iuwen hinne

Feesten yn it tsjuster?
Jawis, en dan net yllegaal. Krektoarsom, al sûnt ûnheuchlike tiden hawwe minsken oanlieding socht om feest te fieren as de dagen koarter en de nachten langer wurde. Kearzen geane oan, toartsen wurde ûntstutsen, fjoerbeakens ljochtsje op tsjin de tsjustere winterhimel. Godstsjinsten meie feroarje, de feesten bliuwe - al is it meastal mei in nije oanlieding en yn in nij jaske.

Jûn, oan 'e foarjûn fan it Ljochtfeest by útstek, sykje wy de mienskiplike dieler fan al dy feesten mei sa'n ferskaat oan histoaryske eftergrûnen: fan Sint-Marten (11 novimber) oant en mei Marije-Ljochtmis (2 febrewaris).

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy
(Advertinsje)