Thúsakademy fan 22 desimber 2021 20:30

Goffe Jensma oer Oera Linda

Yn de útstjoering fan woansdei 22 desimber fertelt heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma oer syn ûndersyk nei Oera Linda.

Yn de 19e iuw ferskynde der samar ynienen in boek dat it hiele ûntstean fan Fryslân ferklearre: Fryslân wie écht ien fan de âldste en wichtichste beskavings fan de wrâld en hie sels grutter as de Grykske en Romeinske kultueren west. Fryslân wie dus in gebiet om echt grutsk op te wêzen, ús kultuer wie fan it alderheechste soarte. Dat stie yn dit Oera Lindaboek.

Hiel lang duorre it feest net. Nei in skoft waard dúdlik dat it Oera Lindaboek in prachtich skreaun, mar net te fertrouwen ferhaal wie. De myte waard trochstutsen.


De myte achter de myte
Dat hoecht Goffe Jensma dus net mear te dwaan yn de Thúsakademy. Mar hat hy nei jierrenlang ûndersyk útfine kinnen hokker krêften der achter it boek sieten, en foaral ek wêrom't de Friezen yn de 19e iuw dit ferhaal sa graach leauwe woene.

Blykber woene we stommegraach in unyk folk wêze. Wêrom hiene we dêr sa'n ferlet fan? Wat is, om sa te sizzen, de myte achter dizze myte?

Fragen stelle 
De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Academie van Franeker. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele dy't programmamakker Bart Kingma nei ôfrûn fan it kolleezje oan de sprekker steld.

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy.
(Advertinsje)