Thúsakademy fan 16 desimber 2020 20:25

Dwale yn it tsjuster

Gearspanningen yn tiden fan krisis

Wat hawwe de Fabeltjeskrant, Trump, it Instagram account fan in Frysk topmodel en in útstjoering fan Arjen Lubach mei-inoar gemien? Sy fertoane alle fjouwer spoaren fan komplot-tinken. Yn ús tiid stekt dat fenomeen wykliks de kop op. Der liket in fiedingsboaiem foar.

Ien ding is dúdlik. Der hinget krisis yn 'e loft. En op dy krisissfear reagearje minsken hiel ferskillend. Ien fan de reaksjes is fersimpelje, in oare is wize nei skuldigen, feroarsakers. Dy beide oanstriden dije samar út ta komplot- en gearspanningsteoryen.

Yn dit kolleezje steane wy stil by twa dingen: wat fiedt dit komplot-tinken yn tiden as dizze? En wat leare wy oer dit tinken út de psychology fan 'e waan wei?

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy
(Advertinsje)