Thúsakademy fan 15 desimber 2021 20:30

De myte foarby: It ferhaal fan Fikings en Friezen 

Yn de útstjoering fan woansdei 15 desimber fertelt Nelleke IJssennagger - van der Pluijm (direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy) oer har ûndersyk nei de Fikings as famylje fan de Friezen. It is it ûnderwerp dêr't sy op promovearre is.

In soad Friezen binne der wis fan: wy binne famylje fan de Fikings. Dy stoere fjochtersbazen út it hege noarden, dêr fiele wy ús graach ferbûn mei. En dat is ek net sa gek, want it is wis dat de Fikings hjir yn de iere Midsiuwen omhúsmanne ha. Mar hoe sit it no echt? Wat hat de rol fan de Fikings yn ús skiednis no presys west, en wat ha se ús neilitten?

Nelleke IJssennagger - van der Pluijm hat jierrenlang ûndersyk dien nei de Fikings yn de âlde Fryske gebieten. Hoe kamen sy hjir telâne en wat heefden se út? Hoe ferholden de ynwenners har ta dy ynkringers, en wiene it werklik fan dy wylde rôvers en moardners? Wat ha de Fikings neidat se ferdwûn wiene oan ús neilitten?

Fragen stelle
De lêzingen binne yn de Botniastins, it gebou fan de hjoeddeistige Academie van Franeker. Sjoggers kinne live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele. Programmamakker Bart Kingma nei stelt dy dan nei ôfrûn fan it kolleezje oan de sprekker.

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy.
(Advertinsje)