Teken fan libben fan 3 april 2017 18:45

Op de dyk tusken Garyp en Earnewâld waard op 19 juny 2005 Oeltsje Popma oanriden. Yn Teken fan libben giet presintator Raynaud Ritsma yn petear mei syn mem, Hinke Popma út Warten. Hoe ferwurkest as famylje dy swiere tiid en wat hat it foar ynfloed op harren libben no?

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
(advertinsje)