Teken fan libben fan 29 maaie 2017 18:45

Yn dizze útstjoering fan Teken fan libben in portret fan ambulânseferpleechkundige Adri Mollinga (55) fan Drachten. Sûnt har earste rit op de sike-auto yn 1994 hat sy hiel wat meimakke en sjoen, dochs kin sy har wurk noch altyd mei in soad motivaasje en tawijing dwaan. Mar hoe bliuwst as ambulânsepersoniel stevich yn dyn skuon stean ast it ferskil net meitsje kinst?

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
(advertinsje)