Teken fan libben fan 20 maart 2017 18:45

Hoe bringst as plysjeman it minne nijs oan de neibesteanden? En hoe ferwurket hy dy swiere mominten sels? Efter alle bermmonuminten sit in ferhaal dat net ophâldt by it ûngelok. Sa ek it ferhaal fan helpferlieners. Yn dizze útstjoering stiet it ferhaal fan plysjeman Albert Dijkstra fan plysjeteam Drachten sintraal. Hy is ien fan de helpferlieners dy't te krijen hat mei 'min nijs petearen'.

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
(advertinsje)