Teken fan libben fan 19 juny 2017 18:35

Op 5 maaie 2000 wurdt de freoneploech fan sjonger en presintator Raynaud Ritsma troch in grut drama troffen as twa freonen belutsen binne by in swier auto-ûngelok. Ien fan de freonen, de 19-jierrige Henk IJtsma fan Surhústerfean, komt hjirby om it libben.

No 17 jier letter praat Raynaud mei Simone van der Veen, de suster fan Henk, oer it ferlies.
Hoe sjocht sy werom op it ferstjerren fan Henk? En wat hat syn dea foar harren beide betsjutte?

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
(advertinsje)