Teken fan libben fan 15 maaie 2017 18:40

It is in jier lyn dat Jildau Lageweg (14) út Aldehaske by in ferskriklik ûngelok yn Jirnsum om it libben kaam. De famylje fan Jildau docht no foar it earst harren iepenhertige ferhaal by Omrop Fryslân. Op moandei 15 en moandei 22 maaie yn Teken fan libben in twalûk oer dat ûngelok. Hoe stiet it gesin der no foar en hokker rol spilet de rjochtsaak tsjin de bestjoerder yn harren libben? Yn it earste diel fan it twalûk op moandei 15 maaie fertelle mem Jolanda de Jong en suster Jellie Haitsma oer hoe’t harren libben der no útsjocht.

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
(advertinsje)