Teken fan libben fan 1 maaie 2017 18:45

Yn dizze ôflevering in portret fan Age Veldboom út Earnewâld. Ferneamd yn de wettersport om syn sylskoalle en skûtsjemuseum. Mar efter dizze enerzjike en markante man, skûlet in dramatysk ferlies. Op 12 juny 1998 komt syn frou Anna Veldboom (41) by in auto-ûngemak om it libben. Age, harren twa soannen Thom en Jurjen en de sylskoalle bliuwe ferslein achter. Hoe sjocht Age no, 19 jier letter, werom op it ferlies? Hat it in plak krigen?

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
(advertinsje)