Tafel 18 fan 31 oktober 2015 17:00

Hjoed ôflevering trije: Der binne noch seis kandidaten oer. En wol Brenda van der Laan, Michiel de Waal, Evert Matla, Gesina Goudbert, Leo van der Zee, Dirk Reitsma. Dizze seis meitsje hjoed in haadgerjocht. Dit moat basearre wêze op griente. Fleis of fisk meie net mear as garnearring wêze. Yngrediïnten moatte fan eigen streek en seizoen komme. De kandidaten wurde beoardiele op smaak, orizjinaliteit, presintaasje en ferhâldings tusken de komponinten.
We folgje de seis kandidaten as se yn de keuken oan it wurk binne (it moat yn oardel oere makke wurde, se meie thús neat tariede, en we sjogge se thús, by it oefenjen of sykjen fan yngrediïnten. Oan de ein fan de ôflevering dielt de sjuery punten út oan de kandidaten en sjogge wa oan kop giet.

Diel dit berjocht op:

Tafel 18

Tafel 18 nochris te sjen fan moandei 22 augustus o/m 27 augustus.
(advertinsje)