Tafel 18 fan 17 oktober 2015 17:00

Trije dielnimmers dy't meidogge oan de wedstryd litte ús sjen hoe't sy iten it leafst meitsje en wêrom't se de striid yn Tafel 18 oandoare. Jorrit Gerritsma út Ljouwert (26) is de jongste dielnimmer, Dirk Reitsma (68) fan Sint Anne is ien fan de âlderen. Anja Minkes (52) fan Terwispel is ien dy't it leafst al har iten fan eigen tún hellet.

Hjoed yn de earste ôflevering leit Miranda út wat der allegearre fan harren ferwachte wurdt de kommende wiken. En kinne de sjoggers in plakje fertsjinje yn de publykssjuery dy't yn de finale fan Tafel 18 in wichtige funksje kriget. De sjuery jout de earste opdracht: dielnimmers moatte in 'bittergarnituer' meitsje. Nee, dat is gjin skaal mei frikandellen en bitterballen, mar in amuse, it earste hapke út de keuken, dêr't de sjef-kok syn gasten mei ferrast.

Tafel 18 te sjen om 17.00 oere, hjir nei alle oeren nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Tafel 18

Tafel 18 nochris te sjen fan moandei 22 augustus o/m 27 augustus.
(advertinsje)