Stille skatten fan 26 augustus 2019 17:35

Dizze wike it Fries museum. Wat seit de ferneamde midsiuwske sierspjelde, de fibula, oer de Friezen yn dy tiid? Ien fan de stille skatten is in gigantysk grutte tosk fan in bist. Minsken tochten eartiids dat de tosk mytyske krêften hie.

Stille skatten

Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze stille skatten yn Fryske musea te wachtsjen om ûntdutsen te wurden. Sjoch mei ús mei op de souders en yn de kelders.
(advertinsje)