Sportmominten 2018 fan 14 desimber 2018 17:15

Yn it spesjale telefyzjeprogramma 'Sportmominten 2018' presintearje Sport Fryslân, Omrop Fryslân, provinsje Fryslân en de Leeuwarder Courant op freed 14 desimber de populêrste sportmominten. It programma is te sjen om 17.10 oere te sjen. Ut de foarôf 30 selektearre mominten hawwe it publyk en in sjuery de moaiste 10 keazen. Dy top 10 wurdt yn Sportmominten 2018 presintearre.

Oan tafel by presintator Arjen de Boer sitte fjouwer fan de nominearren: reedrydster Marrit Leenstra, fuotbalster Sherida Spitse, skipper Douwe Visser en shorttracker Sjinkie Knegt. Mei-inoar sjogge sy nei de keazen favorite sportmominten. Ek sjogge sy werom op harren eigen sportmomint.

Nominearren:
Yn totaal binne der troch Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Sport Fryslân 30 grappige, emosjonele, mar ek fertrietlike sportmominten selektearre. Under oare it momint dat shorttrackster Suzanne Schulting tsjin alle ferwachtingen yn goud wûn op de Olympyske Spullen of it momint dat klupheld Martijn Barto nei 7 seizoenen ôfskied naam fan syn SC Cambuur. Sa binne der noch 28 bysûndere sportmominten fan Fryske sporters dy't kâns meitsje yn de top 10 te kommen.

Sportmominten 2018

Live programma oer de moaiste Fryske sportmominten fan 2018. Wat wiene neffens it Fryske publyk de 10 moaiste sportmominten fan 2018?
(advertinsje)