Sportcast #99: "In Volendam had niemand dit verwacht"

Hy hie ferskate opsjes, mar úteinlik kiest oanfaller Robert Mühren net foar SC Cambuur mar foar thúskommen. De kommende trije jier fuotballet de spits foar FC Volendam.

"Dit fielden je wol oankommen, dit ferrast my totaal net," seit Geert van Tuinen yn de SportCast. Mar yn Volendam is de fernuvering grut dat Robert Mühren wer werom komt seit stadionspeaker, en omke, Jack Mühren. "In Volendam had echt niemand dit verwacht."

Ferslachjouwer Andor Faber wit dat Cambuur de spits graag hâlde woe: "Mühren koe by Cambuur hast trije ton fertsjinje. De spilersbegrutting is sa'n trije miljoen euro, dus dat is sa'n tsiende part. Dat jout wol oan dat Cambuur hiel fier foar him gien is."

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)