SportCast #95: SC Cambuur kampioen

By SC Cambuur genietsje se noch altyd nei fan de lêste wiken. Earst wie der de promoasje nei de earedifyzje, dêrnei de titel en ôfrûne wykein wie der de huldiging. "Jongens, we hawwe sa'n protte moaie mominten meimakke, da's net normaal", fertelt trainer Henk de Jong yn de SportCast. Mar, nei trije wiken fan feestjes en in hoop drank wol de Drachtster no ek wer foarút sjen. "It moat no even stopje mei al dy festiviteiten en feestjes." Yn de SportCast fanút it Cambuur Stadion wei skowe neist De Jong ek spilers Sonny Stevens, Mitchel Paulissen en Jamie Jacobs oan.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)