SportCast #94: Ferhâlding Roozemond en Foppe en Riemer rint wer in dûk op

Algemien direkteur Cees Roozemond en klupikoanen Foppe de Haan en Riemer van der Velde sitte oer in goeie moanne wer mei-inoar om tafel. Ofrûne wike hawwe de beide partijen praat oer de takomst fan SC Hearrenfean. Dat petear begûn muoisum, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries: "It hat der wol om spand oft de petearen wol trochgiene." Yn de SportCast nuansearret Roozemond dat lykwols.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)