Sportcast #8: "SC Hearrenfean sil meidwaan om de play-offplakken"

Yn dizze útstjoering komme ûnder oare SC Hearrenfean, SC Cambuur en de Fryske wrâldkampioenen Tristan Bangma en Liesette Bruinsma oan de oarder. Sportferslachjouwers Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries sille dy wer byprate oer de sport fan dit wykein. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)