SportCast #78: "De reedrydbubbel is ien fan de feilichste plakken op de wrâld"

Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan kommend wykein. Dat dogge we mei reedrydster Letitia de Jong en âld-rider Douwe de Vries, dy't as foarsitter fan de atletekommisje de riders fertsjinwurdiget.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)