SportCast #76: "Siem de Jong hopet op Hearrenfean-debút snein: Ik kan gewoon spelen"

SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kollega-assistint Mario Diks fan Ljouwert nei ta mei.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)