SportCast #74: "Sipke Hulshoff moat kieze tusken Ajax of Feyenoord"

Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)