SportCast #71: "It is ûnbegryplik dat it stichtingsbestjoer krekt no in bom leit"

Fuotbaljend hat SC Cambuur alles perfekt op 'e rit, mar dêrbûten is it de lêste wiken flink yn 'e war. Earst kaam it nijs dat de bou fan it nije stadion stillein wurdt en in pear dagen lyn ûntplofte de bom yn de Ljouwerter bestjoerskeamer. Genôch om oer te praten yn de nije SportCast. Fansels giet it ek oer SC Hearrenfean, dat yn Den Haach net fierder kaam as in lykspul.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)