SportCast #70: "Bytsje earmoedich dat SC Hearrenfean it balbesit lit oan RKC"

SC Hearrenfean kaam tsjin RKC Waalwijk net fierder as in lykspul (1-1), mei troch in betide reade kaart foar Sieben Dewaele. Dochs steane de Feansters keurich op it sechde plak yn de earedifyzje. Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fierder oer dy wedstriid. Ek giet it oer SC Cambuur, dat De Graafschap relatyf ienfâldich ferslaat en efter Almere City twadde stiet yn de earste difyzje.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)