SportCast #68: "As FC Utrecht Henk de Jong hellet, dan helje se in suksestrainer"

It wie foar de beide Fryske betellefuotbalklups net sa'n suksesfol wykein: Jong Ajax en AZ namen yn totaal seis punten mei yn de bus nei Noard-Hollân. SC Hearrenfean wie kânsleas tsjin in goed fuotbaljend AZ en SC Cambuur miste kâns op kâns, wêrtroch't Jong Ajax mei de oerwinning nei hûs gie. We prate deroer yn de nije SportCast en ek giet it oer Joey Veerman en Jong Oranje, Henk de Jong en FC Utrecht en ja, alwer: handsballen.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)