SportCast #60: Robert Mühren genietet yn Ljouwert: "Een genot om hier elke week te spelen"

It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it seare plak te lizzen. Dêrnjonken sprekt er syn bewûndering út foar in doarpsgenoat dy't yn it Abe Lenstra Stadion fuotballet.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)