SportCast #59: "Ik stean op it fjild, ik hear oerwâldlûden, ik stap fan it fjild. Wêrom docht gjin ien dat?"

"Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe." It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierren yn Maastricht rasistysk bejegene en ek sneon krige hy wer oerwâldlûden te hearren. Cambuurferslachjouwer Andor Faber hat de "oe-oe-oe-lûden" heard doe't hy yn it stadion wie. Hy is it foar in grut part wol mei Roelof iens. "It hie krêftiger west as Cambuur fan it fjild ôfstapt wie."

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(Advertinsje)