SportCast #51: Roozemond hopet stadionhier flink te ferleegjen

De seleksje fan SC Hearrenfean hat op it stuit fakânsje, mar dat jildt net foar oare ôfdielings binnen de klup. Sterker noch: technysk manager Gerry Hamstra is smoardrok mei it gearstallen fan de seleksje en algemien direkteur Cees Roozemond bûget him ûnder oare oer de coronamaatregels en it effekt dêrfan op It Fean. Dan binne der ek noch ris de festiviteiten rûnom it hûndertjierrich jubileum. Genôch reden om by te praten mei Cees Roozemond yn de nije SportCast.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)