SportCast #47: "Grote vissen laten zich niet zo makkelijk vangen"

It koe wolris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't der foar harren belangstelling komme kin. Yn de nije SportCast lit Hamstra syn ljocht skine, ûnder oare op de transferperikels yn it Abe Lenstra Stadion.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)