SportCast #32: Sandor van der Heide wol haadtrainer wurde

It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Cambuur is nei de oerwinning op jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Graafschap en jong-Ajax, dat zal me worst wezen. Als we maar promoveren."

En SC Hearrenfean trainer Johnny Jansen hat einliks in basisplak ynromme foar Alen Halilovic. SC Hearrenfean wûn mei 3-2 fan FC Twente en de Kroatyske middenfjilder stie by twa fan de trije doelpunten oan de basis. "Halilovic spile in prima wedstriid, mar dizze opstelling giet wol ten koste fan Ejuke. Dy komt yn 'e punt fan 'e oanfal minder ta syn rjocht", seit Arjen de Boer.

Dizze wike prate Geert van Tuinen en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Andries Bakker. Spesjale gast is Sandor van der Heide.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)