Sportcast #3: "It komt goed mei Cambuur, echt"

"Cambuur stiet nei trije wedstriden tink ik mei nul punten. Mar dochs komt it goed, echt." Cambuur-watcher Geert van Tuinen bliuwt entûsjast oer de mooglikheden fan de Ljouwerters. Yn dizze Sportcast prate ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer de seizoensstart fan Cambuur, oer SC Hearrenfean en it FK Fierljeppen.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)