Sportcast #23: "Femke Kok wurdt de Heiden fan it frouljusreedriden"

De fuotbalklups hawwe winterskoft en dus hawwe wy rom de tiid foar in oare sport, reedriden. Dit wykein waard it NK Ofstannen ferriden op It Hearrenfean. Tegearre mei ús gasten Letitia de Jong, Douwe de Vries en Henk Hospes analisearret Andor Faber it toernoai. Roelof de Vries fersoarget de presintaasje.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)