Sportcast #20: "It kontrakt fan Johnny Jansen moat ferlingd wurde"

De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne dizze kear de analisten. Andries Bakker besiket de útstjoering yn goede banen te lieden.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)