Sportcast #13: "Wat hat Cees Roozemond eins goed dien by Hearrenfean?"

SC Hearrenfean wist ôfrûne wykein it sterke AZ mei 4-2 te ferslaan. Ek Cambuur pakte de trije punten. De Ljouwerters stjoerden TOP Oss mei in 5-1 nederlaach nei hûs. It meast bysûndere oan dy wedstriid wie lykwols net de grutte oerwinning, mar de produktiviteit fan Issa Kallon. Kallon like net skoare te kinnen, mar makke der tsjin TOP Oss ynienen fjouwer.

SportCast

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat.
(advertinsje)